De Reade Bwarre - Trinus Riemersma

Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. It harkboek bringt syn wrâld noch tichterby. Friestalig Spreker(s): Durk Hibma

€ 19,50 Incl. btw
Koop als download - €19,50


Luisterfragment


It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de Modderklauwers, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de 'Bwarristen' dy't de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de 'grutte ferneuker'.

In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.

It boek stelt ûnder oare troch de ôfwikende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy't der yn 1980 by einsluten net kaam.

De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar.

Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. It harkboek bringt syn wrâld noch tichterby.
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Koperative Utjouwerij
Spreker(s): Durk Hibma

Geen reviews gevonden



Speelduur: 25 uur 39 min

Grootte: 988 MB

ISBN: 9789460380839

Tags

Audiofrysk (84)
fries (113)
Koperative Utjouwerij (5)
roman (879)

Reviews

Geen reviews gevonden