It piipjen fan de proai - Ferhalen - Sjoerd Bottema

Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal. Friestalig Spreker(s): Sjoerd Bottema

€ 10,00 Incl. btw
Koop als download - €10,00


Luisterfragment


Alve yntrigearjende, tragykomyske ferhalen dy't gauris in bizarre draai krije. Mei syn bytiden broeierige stim lûkt de skriuwer jo mei yn it ferhaal.

(...) En doe ynienen, ynspekteur, krigen jo in gouden idee! Ûnsichtbere spoaren? Spoaren dy't der wol leine, mar der net wiene foar de bewensters? Mar hoefolle moaier soe it wol net wêze as dy spoaren der wol wiene! As de bewenster op in stuit wat ûntduts dat ûnbegryplik wie, wat subtyls, mar frjemd, in slipke bygelyks, ien lyts slipke, dat ynienen op ûnferklearbere wize weirekke wie en ferfongen troch in oarenien. En dêrmei ynspekteur, komme wy by it tredde bedriuw. Mar dit rêde wy yn trije bedriuwen net op, hear. Ik bin bang dat dit in klassike trageedzje wurdt...(Út De Lycklamatapes)

Fan de flaptekst fan it boek:

"(...) Frou Melchert wie noch mar krekt widdo of op de radio waard har man silger suver alle dagen tasongen: Willem, word wá-akker, Willem! Willem, word wá-akker, Willem!"

Patat mei mayonêze en in bearelul, dat is it keninginnemiel fan de widdo Melchert - Van Beyma thoe Kingma alias Bontsje fan Swarte Willem. De earste bút yn har jacht nei it gelok. Mar dêr bliuwt it net by. Bontsje wol de spoeken fan it ferline begrave en oan har takomst bouwe, net langer proai wêze mar jager. Dêrmei stiet sy model foar de personaazjes dêr't it yn dizze ferhalen om draait: proai of jager en soms allebeide.

"(...) it is de efterfolger dy't him stjoere lit troch dejingen dy't er folget, it wurd seit it al, hy folget en sy kieze it paad. De jager dûnset nei it piipjen fan syn proai en net oarsom."

Ynhâld
De dreamefanger
De Lycklematapes
Winterliet
Tafeltje dekje
De bline en de lamme
Us heit en ik
It geheim fan kapitein Haddock
Grutte Geale
Isabel Winter
It tredde ferhaal
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Utjouwerij Fryslân
Spreker(s): Sjoerd Bottema

Geen reviews gevonden



Speelduur: 8 uur 6 min

Grootte: 329 MB

ISBN: 9789460380570

Tags

Audiofrysk (84)
fries (113)
Utjouwerij Fryslân (5)
verhalenbundel (270)
voorgedragen door de auteur (945)

Reviews

Geen reviews gevonden