Gefaarlik spul foar Mentha Minnema - Seis aventoeren - Riemkje Hoogland-Pitstra

Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. Friestalig. Leeftijd: 9+ Spreker(s): Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Ja

€ 4,00 Incl. btw
Koop als download - €4,00


Luisterfragment


Yn dit boek binne seis ferhalen oer de tûke speurder Mentha Minnema byinoar brocht. Bern hiene ideeën foar de plot oandroegen en doe binne de trije skriuwers oan it wurk gien. It levere seis mini-aventoeren op dy't hjirre troch de skriuwers sels foarlêzen wurde.

By Anny de Jong giet it earst om in ynbraak yn har eigen hûs, dêr't Grate syn bêst docht, mar de stellerij net foarkomme kin: In bliedend slachtoffer. Har twadde ferhaal spilet him ôf yn de diskowrâld. Mentha Minnema moat der de feestklean foar út de kast helje, mar de saak wurdt oplost: In fan troch it lint.

Riemkje Hoogland-Pitstra komt mei: It geheim fan buorfrou Afke, oer it smokkeljen fan ferbeane bisten, dêr't de aardige buorfrou tsjin har sin by belutsen is. En it ferhaal Skat ûnder de flier, dêr't in âlde frou mear neilitten hat as dat se earst tochten. Allinne, wa kriget de erfenis?

Fan Jan Schotanus binne Broers op it dievepaad, oer it smokkeljen en yllegaal ferkeapjen fan telefoankaarten, en it ferhaal Broadsjes foar de boargemasters, dêr't de bakkerij njonken Mentha Minnema bedrige wurdt fanwege de bakkerslucht.

It boek is oarspronklik ferskynd yn 1997.

Inhoud
In bliedend slachtoffer / Anny de Jong
It geheim fan buorfrou Afke / Riemkje Hoogland
In fan troch it lint / Anny de Jong
Broers op it dievepaad / Jan Schotanus
In skat under de flier / Riemkje Hoogland
Broadsjes foar de boargemaster / Jan Schotanus
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Afûk
Spreker(s): Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus

Geen reviews gevonden



Speelduur: 3 uur 0 min

Grootte: 173 MB

ISBN: 9789461496034

Tags

Afûk (27)
Audiofrysk (84)
fries (113)
leeftijd 9-12 (283)
verhalenbundel (271)

Reviews

Geen reviews gevonden