Fan flierefluiters en droechstinners - Kremearkes - Meindert Bylsma

Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed. Friestalig Spreker(s): Meindert Bylsma

€ 7,50 Incl. btw
Koop als download - €7,50


Luisterfragment


Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed.

Krekt as yn mearkeboeken stappe yn dit nije boek fan Meindert Bylsma keningen, reuzen, kabouters en bisten om. It is dan ek in 'mearkeboek', mar Bylsma neamt syn ferhalen kremearkes (krekt mearkes). It binne mearkes op syn wize en hy toant him dêrby tige fantasyryk en in skriuwer dy't it boartsjen mei de taal yn it bloed sit. Dat it 'krekt net mearkes' wêze wolle lit bygelyks de gekjeierige ein fan it ferhaal 'Punt' sjen:
'Moatte wy him no helpe en der de wenstige ein oan breidzje? Sa fan: lokkich kaam de punt ta ynkear, waard in tefreden ppunt en libbe noch lang en lokkich? It soe ôfbreidzen wêze mei in falske stek. Dat dogge wy dus net. Wy binne op in dea punt bedarre, punt út.'

Yn Bylsma syn kremearkes wurdt de lêzer net allinne de mearkewrâld ynlutsen, mar ek op absurdistyske wize konfrontearre mei de wrâld fan hjoed, sa as yn Mjirk:

'Jo stean net yn 'e kompjûter,' sei er, sûnder op it skerm te sjen. 'Nee, ik stean hjir,' 'Ha jo in bertebewiis?' 'Nee, dat haw ik net.' 'Dan bestean jo net.'

Meindert Bylsma syn (kre) mearkes binne by de tiid.

Inhoud
1. Kening dy't dreamde
2. Mjirk
3. Reus
4. Túnkabouter
5. Trollin
6. Skerpskutter
7. Tûzenpoat
8. Jongkeardel
9. Slak
10. Holder
11. Punt
12. Kening dy't garre
13. Earlik man
14. Mychhimmel
15. Kabouterfolkje
16. Spin
17. Ekonomy
18. Protter
19. Hin
20. Mûs
21. Hoanne
22. Spoekespuibistke
23. Ljip
24. Fisker
25. Prinses
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Koperative Utjouwerij
Spreker(s): Meindert Bylsma

Geen reviews gevonden



Speelduur: 4 uur 27 min

Grootte: 274 MB

ISBN: 9789461499615

Tags

Audiofrysk (84)
fries (113)
Koperative Utjouwerij (5)
verhalenbundel (271)

Reviews

Geen reviews gevonden