De Hobbit - Oersetten troch Anne Tjerk Popkema - J.R.R. Tolkien

It mearke fan Bilbo Balsma, in hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in draak wei te stellen. Friestalig Spreker(s): Anne Tjerk Popkema

€ 10,00 Incl. btw
Koop als download - €10,00


Luisterfragment


It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op 'en paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen.

Ûnder de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr't Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.

Dit klassike 'berneboek foar folwoeksenen' fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy't de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.

De linige oersetting is fan Anne Tjerk Popkema fan Grins, dy't it ek prachtich ynlêzen hat.
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Elikser
Spreker(s): Anne Tjerk Popkema

Geen reviews gevonden



Speelduur: 8 uur 38 min

Grootte: 541 MB

ISBN: 9789460380587

Tags

Audiofrysk (84)
Elikser (5)
fantasy (57)
fries (113)
spanning (695)
vertaald uit het engels (492)

Reviews

Geen reviews gevonden