Jonge Friezen mei kulturele ambysje - Sympoasium ûnder de titel Fryslân en de wrâld 2.0 mei fjouwer lêzings oer ferskate aspekten fan (de ynfloed fan) Douwe Kalma - Jelle Krol

Sympoasium ûnder de titel Fryslân en de wrâld 2.0 mei fjouwer lêzings oer ferskate aspekten fan (de ynfloed fan) Douwe Kalma. Friestalig. Spreker(s): Jelle Krol, Abe de Vries, Durk Gorter, Meindert Reitsma

€ 6,00 Incl. btw
Koop als download - €6,00


Luisterfragment


It biedwurd 'Fryslân en de Wrâld' is hast in ieu âld. Yn dat biedwurd lizzen allerhanne idealen besletten dy't de jonge generaasje fan 1915 neistribbe: it Frysk de algemiene kultuertaal yn Fryslân, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, kulturele ferheffing fan it folk, wrâldliteratuer oerbringe yn it Frysk, de blik rjochtsje op Ingelân en Skandinavië en net op Hollân - en mear.

Yn novimber 1915 rjochte de jonge Douwe Kalma (berne yn 1896) mei in oantal meistanners de Jongfryske Mienskip op om har idealen stal te jaan. De bloeitiid fan de Mienskip as organisearre klub duorre net sa lang, mar it losmakke élan late ta wat algemien de 'Jongfryske beweging' neamd wurdt.

Yn it Sirkwy Sympoasium komme nijsgjirrige aspekten fan de Fryske literatuer en kultuer oan de oarder. Yn 2015 kin it net oars of wy sjogge tebek op '1915', op wat Kalma losmakke, en ek nei wat de doetiidske ambysjes no foar ús betsjutte, ek mei it each op Kulturele Haadstêd 2018.

Opnames yn de Koperen Tuin, Ljouwert.

Ynhâld
1. Jelle Krol - 'En Kalma wie ús kening'. Kalma en syn Jongfryske Mienskip oan de ein fan de Earste Wrâldoarloch en krekt dêrnei
2. Abe de Vries - Wat Kalma losmakke. De dynamyk yn in minderheidstalige kultuer en de kulturele ambysjes ta 'fernijing'
3. Durk Gorter - Lytse talen as mienskipstaal en uteringen fan kultuer: Baskysk en Frysk ferlike
4. Meindert Reitsma - Skanomodu: in nije ympuls yn Fryslân: De opkomst fan in nije generaasje jonge Friezen

Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Sirkwy/Tresoar
Spreker(s): Jelle Krol, Abe de Vries, Durk Gorter, Meindert Reitsma

Geen reviews gevonden