Op redens oer - Hylke Speerstra

De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene ferneamd. It wiene manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byelkoar rieden. Friestalig. Spreker(s): Hylke Speerstra

€ 10,00 Incl. btw
Koop als download - €10,00


Luisterfragment


De grutte Fryske iiskampioenen fan de koartebaan wiene wrâldferneamd yn eigen gea. Nammen dy't trochlibje. Manlju en froulju dy't yn it begjin fan de 20ste ieu soms in hiele buorkerij mei lân en fee byinoar riden. Ja, it gie net allinne om de eare; yn earme tiden giet soms noch mear om it jild.

Sa foarmje har ferhalen ek in ôfspegeling fan de skerpe sosjale ferskillen en de bikkelhurde striid om it bestean yn de earste helte fan de 20ste ieu. Hjir binne froulju en manlju oan it wurd dy't witte fan bûgen en barsten, fan trochsetten en - somtiden - ek wolris in rare misslach. Op fersyk fan guon fertellers haw ik yn de earste en twadde printinge de nammen fan de fertellers net neamd. Nei oerlis mei de neibesteanden doch ik dat no wol. Mei eare en tagedienens. Want sy binne net allinne myn helden, se binne in foarbyld foar alle Friezen, ek foar de iisprofessionals fan hjoed...

Sterke karakters, en hoe sterk wiene se ek fan liif en lea. De 15 ynterviewden fan 1982 soene trochelkoar rom 88 jier wurde!

Ynhâld
Iisleafde - Anne Visser-van Keimpema (1893-1985) Himpens/Earnewâld
De deserteur - Hilbrand Rudolphy (1897-1989) De Gordyk
It ferbûn fan Beets - Pyt Dykstra (1895-1986) Nij Beets
De erflike ferplichting - Albert Koning (1907-1998) Nijetrine/Wolvegea
De faam fan Spaltenbrêge - Easger van der Meer (1889-1987) Grou/Akkrum
It geile iis - Bouke de Vries (1907-1988) Sint Nyk
De Alvestêderider - Abe de Vries (1907-1995) Dronryp/Parys
Sipke Castelein (1911-1995), Wergea/Warten
It koarte draachflak - Gepke Fokkema (1895-1986) Feanwâldsterwâl/Hurdegaryp
De fiifentweintich-gûne-rider - Piter Brouwer (1904-1985) Langwar/De Wylgen
It bline momint - Thys Klompmaker (1903-1987) Aldehaske
It wûnder fan Snikswaach - Jolle de Jong (1907-1989) Sniksweach
Jaap Slof (1902-2002) De Jouwer
Trije oan de stok - Marie de Groot (1911-1999) Wergea
Klompen - Pietsje Feitsma (1918-1991) Hilaard/It Hearrenfean
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Friese Pers Boekerij
Spreker(s): Hylke Speerstra

Geen reviews gevonden



Speelduur: 8 uur 53 min

Grootte: 388 MB

ISBN: 9789461495730

Tags

Audiofrysk (84)
fries (113)
Friese Pers Boekerij (14)
sport (39)

Reviews

Geen reviews gevonden