De diggels fan Che - Greet Andringa

'De diggels fan Che' is it debút fan Greet Andringa. Har sfearfol proaza, fol subtile observaasjes fan minsken en situaasjes sil in soad harkers yn 'e besnijing krije. Friestalig Spreker(s): Greet Andringa

€ 6,75 Incl. btw
Koop als download - €6,75


Luisterfragment


Ik wit net mear hoe't syn stimme is. Hy hie ek nea in soad wurden nedich. Dochs wie er dúdlik. Linen, paraboalen, fan alle libben ûntdiene abstraksjes belânen út it boek, fan it boerd, yn ús hollen, op ús proefwurkbledsjes. En dêr hie hy sûnder mis wat mei te krijen. Der kamen earst fiven en seizen doe't wy in oare dosint krigen yn de fjirde.

'Sorry,' seit in frou dy't my mei har koffer yn 'e hoksen rekket. It docht sear. Syn jas is as de pels fan in rôfdier op 'e strún: tûkjes bliuwe der net yn hingjen, hy glidet oeral tuskentroch, sûnder dat it spoaren op him achterlit. Hoe drok it ek is, om him hinne is romte. Nimmen rint by fersin by him op.

Greet Andringa skriuwt bysûndere koarte ferhalen. Se fertelt oer jonge minsken libjend op de grins fan 'e folwoeksenheid. Har haadpersoanen binne op 'e siik nei in eigen plak yn it libben en ûntdekke - soms hast ûnbewust - harren seksualiteit. Guon ferhalen spylje yn de medyske wrâld en binne basearre op de ûnderfinings dy't Greet Andringa yn har wurk opdien hat, as ko-assistint en dokter yn de drugshelpferliening.

Inhoud
De diggels fan Che
Nachtbesite
De earste kear
Ûnbekende soldaat
Narcissus
De filatelist
Ridder Hilbrand
Heity
Brief oan Ale
Út balâns
Skobben
Spul
Op de drompel
Trije hûndert meter
Uitgegeven door: Audiofrysk
Oorspronkelijke uitgever: Friese Pers Boekerij
Spreker(s): Greet Andringa

Geen reviews gevonden



Speelduur: 3 uur 28 min

Grootte: 153 MB

ISBN: 9789461498816

Tags

Audiofrysk (84)
fries (113)
Friese Pers Boekerij (14)
verhalenbundel (270)

Reviews

Geen reviews gevonden